Opsterlân: slutende begrutting

Gjin nije projekten yn Opsterlân
De gemeente Opsterlân hâldt yn de begruttings fan de kommende jierren gjin rekken mei it útfieren fan nije projekten. Troch de ekonomyske krisis is it noch net dúdlik mei hoefolle jild de gemeente it yn de takomst dwaan moat en dêrom kiest it kolleezje fan B en W foar besunigings.
Foar 2010 en 2011 is it de gemeente slagge om de begrutting klear te krijen troch ien miljoen euro yn 't jier te besunigjen, sûnder dat de ynwenners fan Opsterlân dat fernimme.