Kursus Frysk foar Arie Boomsma

22 sep 2009 - 16:41

Studinteferiening Bernlef wol Arie Boomsma in kursus Frysk oanbiede as dy de rol fan kening Redbad krijt yn de film fan Steven de Jong. De Fryske filmregisseur sil oer twa jier begjinne mei de opnamen fan in film oer de Fryske kening Redbad dy't yn de midsieuwen libbe. It skript is der al.

Foar de haadrol hat de produsint in man as Arie Boomsma yn gedachten. Bernlef is bliid mei de film mar fynt wol dat de ferneamdste Fryske kening it Frysk goed machtich wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)