Buorden by gefaarlike dyk

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel set buorden by in gefaarlike dyk tusken Sumar en Eastermar. Op dat plak barden yn trije jier al tolve ûngelokken. Seis kear fleach in auto út 'e bocht. De gemeente hat de buorden besteld nei klachten fan omwenners, dy't fine dat Tytsjerksteradiel gau wat dwaan moat oan de feilichheid op dat plak.
In delegaasje fan doarpsbelang besjocht moandei de situaasje op it plak sels mei in ferkearssaakundige fan de gemeente.