Kondysjetrainer ´t Fean werom

© Omrop Fryslân
Kondysjetrainer Björn_Rekelhof komt werom by Sportklup Hearrenfean. Rekelhof gie by Hearrenfean fuort yn de simmer fan 2008. Hy gie doe tegearre mei Gertjan_Verbeek nei Feyenoord.
Oan de ein fan it foarige seizoen wie Rekelhof noch kondysjetrainer by Feyenoord, mar de nije trainer Mario_Been keas der foar om syn eigen stêf gear te stallen. Rekelhof sil fuortendaliks by Hearrenfean oan de slach.