Skoallen Frjentsjer yn 1 gebou

21 sep 2009 - 15:48

Basisskoalle de Opslach en RSG Simon Vestdijk yn Frjentsjer komme definityf yn ien gebou. Tiisdei krije âlders útlis oer de plannen.

It multyfunksjonele gebou komt oan de Iisbaanwei op it plak dêr't no de Opslach sit. Yn it gebou komt ek in berneopfang. Guon âlders fan basisskoallebern wiene earder op de plannen tsjin. Kontakten tusken âldere bern op it fuortset ûnderwiis en bern fan de basisskoalle soene neffens har problemen opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)