Igor Djuric brekt finger

Ferdediger Igor Djuric fan Hearrenfean
Ferdigener Igor Djuric fan SC Hearrenfean hat in finger fan 'e linkerhân brutsen. Hy rûn de blessuere op by in training. Djuric kin wol traine en spylje. De finger wurdt mei in kokerke beskerme. Woansdei spilet Hearrenfean foar de beker tsjin SDC Putten en snein foar de kompetysje yn Rotterdam tsjin Sparta.
Djuric is de fjirde spiler dy't dit seizoen wat brutsen hat. Kenny Steppe (hân), Michael Dingsdag (tean) en Patrik Ingelsten (hân) giene him foar.