Skuorre mei karavans útbaarnd

21 sep 2009 - 13:49
  • By de skuorrebrân yn Droegeham kaam in soad reek frij

By in fûle brân yn it bûtengebiet by Droegeham is moandeitemiddei in skuorre mei karavans ferlern gong. De brân ûntstie om in oere as tolve hinne. Oer de oarsaak is noch neat bekend, wol hie de eigner earder op de moarn yn de skuorre oan it wurk west.

De ynskeakele brânwacht koe foarkomme dat it neistlizzende wenhûs skânsearre rekke. De brân is yntusken út. Hoe grut oft de skea krekt is, is noch net bekend. By de brân is asbest frijkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)