Paspoarten no mei fingerprint

21 sep 2009 - 12:40
  • Nije paspoarten en identiteitskaarten wurde fan moandei ôf foarsjoen fan fingerprinten.

Nije paspoarten en identiteitskaarten wurde fan moandei ôf foarsjoen fan fingerprinten. Dizze maatregel moat fraude foarkomme. De oerheid kin sa makliker kontrolearje oft it wol echt it paspoart is fan dyjinge dy't him sjen lit. Om der hielendal wis fan te wêzen wurde sels fan fjouwer fingers de fingerprinten opslein.

CDA-Twadde Keamerlid Rendert Algra is fûl foarstanner fan it nije paspoart. Algra frege moandei fuortendaliks in nij paspoart mei fingerprint oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)