Amelân net mear op shirt Grins

De shirtreklame Ameland.nl ferdwynt meikoarten út it Nederlânske betelle fuotbal
De namme Ameland stiet mei yngong fan it nije fuotbalseizoen net mear achter op de shirts fan earedivyzjeklup FC Grins. It Amelân hat in kontrakt foar trije jier en dat rint yn 2010 ôf.
It Waadeilân betellet sa'n 180 tûzen euro yn it jier foar de shirtreklame. In grut diel fan it promoasjebudzjet giet op oan dizze foarm fan sponsoring. It Amelân is wol tefreden oer de sponsoring sels. It hat in soad media-omtinken opsmiten. Ek spile Grins der geregeld oefenwedstriden.