Bêste woarst fan It Amelân

21 sep 2009 - 09:43

Slachter Ytsma-De Kruijff fan It Amelân makket de bêste Fryske droege woarst. Dat die snein bliken by it 'preuveniment', dat is in soarte fan priuwevenemint fan Fryslân Culinair yn Ryptsjerk. Yn de sjuery sieten ûnder oaren Joop Braakhekke en Reitse Spanninga.

Seisenfyftich slachters stjoerden harren woarst yn. Ytsma-De Kruijff stjitte Weidenaar fan de troan. Dy wûn de titel oant no ta elts jier sûnt 2001.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)