Kânsen Olympyske ambysjes

© Omrop Fryslân
De Olympyske ambysjes fan Snits en Drachten meitsje seker in kâns. Dat seit NOC*NSF-foarsitter Erica Terpstra. Snits wol graach it silen binnen helje as Nederlân yn 2028 de Olympyske Spelen krijt en Drachten hat ferline wike útsprutsen dat se graach it swimmen hawwe wolle.
Der binne lykwols noch folle mear plakken yn Nederlân dy't graach in part fan de Spelen hâlde wolle en dus driget der in konkurrinsjestriid.