Trio V.d. Leest wint Ljouwert

20 sep 2009 - 18:09

De lêste keatspartij fan it seizoen, de tradisjonele Aldehoupartij yn Ljouwert, is wûn troch it partoer Marten van der Leest, Folkert van der Wei en Douwe Groenendijk. Sy wûnen de finale mei alles oan 'e hang op 5-5 en 6-6 fan Rutmer van der Meer, Erik Haitsma en Marten Feenstra.

It wie foar Douwe Groenendijk, Wilco Rinia, Jan Willem van Beem en Jochem Bouma de lêste keatspartij yn de haadklasse. Sy waarden dêrom dan ek even yn it sintsje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)