Westra en Weening tefreden

20 sep 2009 - 17:35

Foar Lieuwe Westra en Pieter Weening sit de Ronde fan Spanje der op. Trije wike lyn begûn de Vuelta yn Assen, snein lei de einstreek fan de 21ste en lêste etappe yn Madrid.

Pieter Weening moast benammen syn kopman Robert Gesink bystean. Foar Lieuwe Westra wie it syn debút yn in grutte ronde. Sneon yn de tiidrit waard de Mûneinster tsiende en dêrmei de bêste Nederlanner. Beide Fryske hurdfytsers sjogge mei in goed gefoel werom op de Ronde fan Spanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)