Hearrenfean ferliest mei 2-0

Sportklup Hearrenfean hat snein yn it eigen Abe Lenstrastadion mei 2-0 ferlern fan FC Twente. De Feansters kamen fleanend út de startblokken en krigen ek wol kânsen. It wie Miroslav Stoch dy't yn de earste helte FC Twente op in 1-0 foarsprong sette.
Yn de twadde helte gong Hearrenfean op syk nei de lykmakker, mar krige gjin kânsen mear. It wie deselde Miroslav Stoch dy't syn twadde doelpunt makke foar de ploech út Enschede.