Fryske DJ's yn dancefinale

Benno Schievink, oftewel DJ Bonze út Ljouwert en Niels Tichelaar, oftewol Van Bielsen út Gytsjerk, ha de finale berikt fan de lanlike producerwedstriid fan Dancetour, in lanlik rûnreizgjend dancefestival.
Yn de finale stean yn totaal fjouwer kandidaten. De nûmers dy't troch har ynstjoer binne, stean op de webside fan Dancetour. Besikers kinne oant 30 septimber stimme op har favorite nûmer. De winner mei syn nûmer ôfmixe en útjaan op in label fan DJ Dazzle.