Oftraap Freeze yn iepen loft

20 sep 2009 - 15:15

Foar it earst yn de skiednis fan it jierlikse Freezefestival is de ôftraap yn de iepen loft. Yn gearwurking mei kafee De Markies en kafee Zelle bringt it Freezefestival takom sneontemiddei de hiele stêd alfêst yn feeststimming.

Op it fergees tagonklike bûtenpoadium op it Mata Hariplein foar De Harmonie spylje fanôf 14.30 oere ferskate top-acts út binnen- en bûtenlân. Dat binne ûnder oare Van Wieren, One Trick Pony en Melanocaster. It jûnsprogramma begjint om 20.00 oere yn De Harmonie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)