Mariska Kramer wint NK duatlon

Mariska Kramer (argyffoto)
Mariska Kramer fan Drachten hat snein yn Tilburch it iepen Nederlânsk kampioenskip koarte duatlon wûn. Kramer hie it swier by it 10 kilometer fytsen, 40 kilometer rinnen en 5 kilometer fytsen.
Yn in sterk dielnimmersfjild kaam se mei fiif sekonden foarsprong op nûmer twa as earste oer de streek. Troch sykte en blessueres wie it net in al te bêst seizoen foar Mariska Kramer. Se wie dan ek bliid mei dit Nederlânsk kampioenskip duatlon.