Oanholden nei ynbraak Makkum

© Omrop Fryslân
Fjouwer manlju út Makkum, Snits en Harns binne dit wykein oanhâlden om't se fertocht wurde fan ynbraak. De manlju soene sneontenacht sjoen wêze doe't se by in bedriuw oan de Stienplaat yn Makkum nei binnen gongen en dernei útnaaiden yn in auto. De tsjûge waskôge de plysje en dy koe de fjouwer in eintsje fierderop oanhâlde.
Twa fan de fertochten, in jonge (15) út Snits en in ynwenner (18) fan Makkum, binne letter wer frijlitten om't se der neat mei te krijen hiene.