Snelheidsduvel oanholden

In 20-jierige autobestjoerder út Seisbierrum is sneon syn rydbewiis kwyt rekke.
In 20-jierige autobestjoerder út Seisbierrum is sneon syn rydbewiis kwyt rekke. Hy moast it briefke ynleverje neidat er troch de plysje trapearre waard op it fierstente hurd riden oer de Ljouwerterdyk by Hijum.
Dêr mei mar tachtich riden wurde en de Seisbierrummer fleach der oerhinne mei 142 kilometer yn 'e oere.