Groep fernielt auto yn Harns

20 sep 2009 - 14:35

In groep fan 15 jongeren hat sneontenacht in auto fernield op de Fahrenheitstrjitte yn Harns. Ferskate tsjûgen seagen dat barrren en waskôgen de plysje. Doe't dy oankamen wie fan de dieders gjin spoar mear, mar wol troffen se auto oan.

Dy wie de dyk op treaun en bot skansearre. Sa bot sels dat er fuortsleept wurde moast. De plysje siket no om tsjûgen dy't mooglik mear fertelle kinne oer de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)