Frjentsjerter krijt samar klap

20 sep 2009 - 14:32

De plysje hat sneontenacht in soad moeite dwaan moatten om in 23-jierrige ynwenner fan Frjentsjer yn syn wenplak oan te hâlden. De man hie earder op de jûn in 29-jierrige plakgenoat samar in klap jûn en wie dernei útnaaid.

Doe't de plysje him efkes letter oanhâlde woe by Ockingahiem yn de buert bemuoiden omstanners harren dermei. Mei help fan in plysjehûn en in wapenstok koe de fertochte dochs noch ynrekkene wurde. Op it plysjeburo die bliken dat er harddrugs by him hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)