Stalker út Austraalje oppakt

20 sep 2009 - 13:12

De plysje hat in man út Austraalje oanholden dy't hjir yn Fryslân al in hiel skoft in frou stalkte. De man en de frou hiene inoar kennen leard doe't de frou in reis troch Austraalje makke. Dêrnei hiene se ek noch kontakt holden, mar geandewei krige de frou hieltyd minder sin oan dy kontakten.

No die bliken dat de Australiër nei Nederlân reizge wie. Yn Amsterdam besocht er by in wurkjouwer fan de frou efter har adres yn Fryslân te kommen. De plysje hat de man ynrekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)