Iepening brânwachtkazerne

20 sep 2009 - 12:37

De nije brânwachtkazerne yn Menaam wurdt oer 14 dagen iepene. De offisjele hanneling wurdt dien troch boargemaster Van Delft. Fierder is der in iepen dei foar it publyk. De brânwacht hâldt dan demonstraasjes.

De brânwachtkazerne stiet op it yndustryterrein fan Menaam. De âlde kazerne stie midden yn it doarp, mar wie bot ferâldere. De brânwacht fan Menameradiel hopet op de iepen dei ek nije frijwilligers te finen. Mei inoar binne der no 28 frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)