Steigenga winner einklassemint

Sierd Steigenga
Sierd Steigenga waard sneontejûn 24ste yn de Ronde fan Burdaard, it lêste kritearium yn it Noarden. De winst yn Burdaard wie foar Jarno Gmelich Meijling fan Almere. René Hooghiemster fan Drachten wie op it fjirde plak de bêste Fries.
De Ronde fan Burdard wie it 29ste kritearium dat meitelde foar it oerkoepeljende D.E.V. klassemint. Steigenga waard krekt as yn 2007 de winner fan dat noardlike klassemint. Pieter Postma (Tsjerkgaast) waard twad.