Harkemase Boys spilet lyk

19 sep 2009 - 16:49

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat op it eigen fjild mei 0-0 lyk spile tsjin Exelsior '31. Yn de earste helte wie Excelsior de bettere ploech en krige ek wol kânsen. Martijn Barto makke yn de earste helte noch wol in doelpunt foar de Boys, mar dy waard troch de skiedsrjochter ôfkard.

De twadde helte kamen de Boys wat better yn it spul en krigen beide ploegen kânsen op de winst. Tongersdei spilet Harkemase Boys op De Bosk foar de beker tsjin Feyenoord.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)