Sportprojekten foar âlderen

19 sep 2009 - 13:25

Skarsterlân krijt twa nije projekten om âlderen oan it bewegen te krijen. Beide inisjativen binne bedoeld foar minsken tusken 60 en 70 jier dy't noch noait oan sport dien ha.

Op 1 oktober begjint it earste projekt, mei de namme GALM, Groninger Actief Leven Model. Yn septimber 2010 set it twadde trajekt út ein. It kombinaasjeprojekt is ûntwikkele troch de Ryksuniversiteit Grins en it Nederlands Instituut voor Sport en Bewegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)