Rydbewizen ynnaam

19 sep 2009 - 12:50

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon op ferskate plakken yn Fryslân alkoholkontrôles holden. Yn trije gefallen waard it rydbewiis ynnaam. Twa autobestjoerders wiene net yn it besit fan in jildich rydbewiis. Yn totaal waard tsien kear in proses-ferbaal opmakke.

Op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert hat de plysje freedtejûn it rydbewiis fan in ynwenner (46) fan de haadstêd ynnaam. De man ried 153 km wylst dêr maksimaal 100 tastien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)