Mei drank op achter stjoer

19 sep 2009 - 12:47

Op de Achterbosk yn Menaam hat de plysje freed oan it ein fan de middei in 57-jierrige ynwenner út Stiens oanholden. De man siet met drank op achter it stjoer wylst er trije hendikepten ferfierde.

De plysje hie in melding krigen dat de man mei drank op achter it stjoer siet. De sjauffeur is oerbrocht nei it plysjeburo. De hendikepten binne troch in oare sjauffeur feilich thúsbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)