Richard Schuil nei EK finale

18 sep 2009 - 19:15

Richard Schuil en Reinder Nummerdor ha freed de finale fan it EK beachfoljebal helle. Yn it Russyske Sotsji waard de heale finale tsjin it Spaanske duo Herrera en Gavira in thriller. De earste set waard mei 21-17 ferlern, de twadde mei 23-21 wûn. Yn de beslissende tredde set bleau it spannend oant it lêste punt. Dat punt pakten Schuil en Nummerdor: 22-20.

Sneon kin de twadde Europeeske titel op rige pakt wurde as der wûn wurdt fan de Eastenrikers Gosch en Horst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)