Florijn kandidaat-listlûker

Marco Florijn listlûker PvdA-Ljouwert
Marco Florijn hat himsels kandidaat steld as listlûker foar de PvdA yn Ljouwert foar de kommende gemeenteriedsferkiezings. Ein oktober wol de partij mei de definitive list komme.
De PvdA is sûnt jierren de grutste partij yn de gemeenteried fan Ljouwert en leveret trije fan de fiif wethâlders. Ien fan har is de 32-jierrige Florijn. It is net bekend oft der oare kandidaat-listlûkers foar de sosjaal-demokraten binne.