Ferplichte buskomby Twente

© Omrop Fryslân
Twentesupporters moatte kommende snein mei de ferplichte buskomby nei it Abe Lenstrastadion op It Fean komme. Dat hat de rjochter freed sein. De supportersferienings fan FC Twente hiene de saak oanspand om't se de regeling oerdreaun fine.
Boargemaster De Jonge fan It Fean stelde de komby fanwege reboelje ferline jier. De rjochter fûn it belang fan de boargemaster grutter as dy fan de supporters en hat De Jonge yn it gelyk steld.