Bernerevalidaasje yn Ljouwert

18 sep 2009 - 16:09

Bern út Ljouwert en omjouwing hoege net mear hielendal nei Beetstersweach om te revalidearjen. Deputearre Schokker hat freed nammentlik it fernijde Revalidatie Friesland iepene by sikehûs MCL yn Ljouwert.

Yn dat gebou binne se no by steat om hast alle bern wer klear te krijen. Dat leit net allinnich oan de ferbouwing. Sa is tal minsken dat bern helpe kin, útwreide. Boppedat ha minsken mear byleard sadat se bern better helpe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)