Trochstart Jurjen de Vries

18 sep 2009 - 15:58

Relaasjegeskinkbedriuw Jurjen de Vries út Ljouwert makket in trochstart. It bedriuw wurdt takom wike oernaam troch de Antro Groep yn Leerdam. Dat is in útstjoerburo dy't slachters leveret oan slachterijen en supermerken.

Sûnt it fallisemint fan Jurjen de Vries fan oardel wike ferlyn wie der in protte belangstelling foar oername. In kurator hat foar Antro Groep keazen om't de direkteur, Bert Finke, yn it ferline ek de direksje fan Jurjen de Vries fierde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)