Paspoart no mei fingerprint

© Omrop Fryslân
Freed wie de lêste dei dat jo in paspoart of id-kaart oanfreegje koene sûnder fingerprint efter te litten. Foar in soad minsken wie dat reden om hurd nei it gemeentehûs te gean om sa noch op de âlde wize in paspoart oan te freegjen.
Yn gemeente Smellingerlân kamen der dizze wike trije kear safolle minsken om in paspoart oan te freegjen as gewoanwei. De oerheid wol fingerprints by paspoarten foegje om fraude tsjin te gean.