Lint fan bylden troch Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der moat in lint fan skulptueren troch Ljouwert komme. It moat sels in ynternasjonaal evenemint wurde dat jierliks werom keart. Dat wolle de fraksjes fan PvdA en VVD. Sa moatte ynwenners en besikers fan de stêd op in leechdrompelige wize mei keunst yn oanrekking komme.
It inisjatyf soe ek goed wêze foar it toerisme. Neffens de fraksjes kinne ek de provinsje, it Fries Museum en teater De Harmonie yn it projekt behelle wurde.