Boek oer Wûnsstelling 1940

18 sep 2009 - 14:50
  • Op de tinkstien ferskate slachtoffers út Wûns

Oer de gefjochten yn 1940 by de liny Makkum-Surch komt in boek. De Kazematten op de Ofslútdyk binne ferneamd, mar oer de Wûnsstelling in eintsje fierderop wurdt kwalik praat. De liny tusken Makkum en Surch moast yn 1940 de Dútske fijân tsjinhâlde. De soldaten moasten dat dwaan mei swier ferâldere materiaal.

Konservator Jacob Topper fan it Kazemattenmuseum is dwaande mei in boek oer de Wûnsstelling en siket yn it lânskip nei spoaren fan eartiids.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)