Amper boetes lânboukontrôles

© Omrop Fryslân
De lânboukontrôles hawwe oant no ta gjin grutte oertredings opsmiten. Der binne in pear bekeurings útdield oan boeren dy't gjin ôfknotte trijehoek op har trekker of wein hiene. Troch it moaie waar soarget modder op de dyk ek net foar gefaarlike situaasjes.
De plysje kontrolearret dizze moanne ekstra op lanbouferkear fanwege it grut tal ûngelokken dat mei trekkers en oar lânbouferkear bard. Tusken 2003 en 2007 hawwe der 371 ûngelokken west mei lânboufiertugen.