Frou oanriden yn Ljouwert

De frou rekke swier ferwûne
In 22-jierrige fytsster út Ljouwert is freed swier ferwûne rekke op de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. De frou fytste mei twa oare froulje oan de ferkearde kant fan de dyk. Se hiene sa gjin sicht op de ferkearsljochten.
Twa fan de froulje fytsten troch. It slachtoffer twivele earst, mar fytste doe ek troch. In 25-jierrige automobilist út Ferwert dy't tocht dat se stoppe, koe de fytsster net ûntwike. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.