Jild ynsammelje foar opfanghûs

18 sep 2009 - 10:32
  • De start fan de fytstocht foar in opfanghûs

In tweintich froulju begûnen freed yn Ljouwert oan in fytstocht fan trije dagen om jild yn te sammeljen foar in opfanghûs yn it easten fan it lân. Dat opfanghûs is in inisjatyf fan Fier Fryslân en bedoeld foar Fryske famkes dy't it slachtoffer wurden binne fan loverboys.

It hûs kin net yn Fryslân stean, dan soene de famkes de loverboys wat al te maklik tsjinkomme kinne. In tal froulju fynt it inisjatyf sà wichtich dat it der jild foar ynsammelje wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)