Grien ljocht brede skoalle

18 sep 2009 - 09:49

Yn Gerkeskleaster-Strobos komt in brede skoalle. Yn it gebou mei in basisskoalle, pjutteboartersplak en berne-opfang, komt ek in jeugdhonk. Yn de takomst kin it gebou noch fierder útwreide wurde. De tsjerke, it doarpshûs en soarchoanbieders hawwe al belangstelling toand.

De gemeenteried fan Achtkarspelen gie tongersdei unanym akkoart mei it plan. Neffens boargemaster Tjeerd van der Zwan komme der mooglik ek senioarewenten by de brede skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)