Deibehanneling bern yn Dokkum

18 sep 2009 - 09:44

Dokkum krijt foar 1,2 miljoen euro in foarsjenning foar de deibehanneling fan bern dy't ekstra help nedich hawwe. De ûntwikkeling fan dy bern rint achter of driget achter te rinnen troch fysike, psychyske of sosjale oarsaken.

De provinsje betellet it gebou en Jeugdhulp Friesland leveret de soarch. Der is romte foar 20 bern. De bern moatte no noch nei Ljouwert of Drachten foar dy soarch. De gemeente is ek bliid om't it ekstra wurk opsmyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)