Harkemase Boys-Feyenoord op tv

17 sep 2009 - 20:45
  • Bekerwedstryd Harkemase boys - Feyenoord op tv

De bekerwedstryd tusken Harkemase Boys en Feyenoord is nije wike tongersdei te sjen op Eredivisie Live. It fuotbalkanaal docht rjochtstreeks ferslach fan de wedstryd. Dy begjint om fiif oere. It duel wurdt om healwei njoggenen nochris hielendal werhelle.

De wedstryd is hielendal útferkocht. Supporters sûnder kaartsje kinne de wedstryd no dus dochs sjen, op tillevyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)