Lekker ite yn Koudum

17 sep 2009 - 18:55

It iten yn wensoarchsintrum Finke yn Koudum is fan sa'n hege kwaliteit dat it in ûnderskieding krijt. It soarchsintrum krijt it karmerk Veiligvoedsel.nl It iten foldocht oan strange easken op it mêd fan hygiëne en feilichheid.

Om it karmerk te fertsjinjen, moat it iten by in keuring op syn minst in 7,5 of heger skoare. By de Finke wie dat in 9. It soarchsintrum stiet dêrmei yn de top tsien fan ynstellingen dêr't it iten fan kontrolearre is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)