Bou strânpaviljoen stillein

17 sep 2009 - 17:01
  • De bou fan it strânpaviljoen is stillein

De bou fan it strânpaviljoen op De Lemmer is tongersdei stillein. Wetterskip Fryslân hie easken oan de bou steld om de feilichheid fan de dyk by it paviljoen te garandearjen. Mar oan dy betingsten is noch altiten net foldien.

Sa hat de gemeente tasein dat alle ynformaasje oer de bou en oer wat foar materiaal der brûkt wurdt, op 'e tiid by it Wetterskip is. Dat kin dan besjen oft alles goed. Mar dy ynformaasje is der noch net allegear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)