Man krijt 45 boetes yn in wike

17 sep 2009 - 14:59
  • It CJIB wie foar de Aldeberkeapster wol hiel royaal mei de boetes

Martin Robben fan Aldeberkeap hat ôfrûne wike sa'n 45 boetes krigen fan it Centraal Justitieel Incasso Bureau foar te hurd riden. It giet om boetes fan 100 oant 200 euro it stik. Dy binne útdield op 25 augustus. Neffens Robben stie de auto dêr't er te hurd mei riden ha soe, doe de hiele dei parkeard oan 'e kant fan de dyk.

Hy tinkt dat de snelheidskontrôle yn de buert fan syn auto holden is en dat it kenteken dêrby alle kearen yn byld kaam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)