Nije oanhâldings yn drugssaak

17 sep 2009 - 14:57

Der binne opnij twa minsken oppakt dy't belutsen binne by de drugssmokkel begjin augustus by Koarnwertersân. It giet om in 21-jierrige ynwenner fan Enkhuzen en in 59-jierrige man fan Surch. Foar de kust waard op 8 augustus in jacht mei 3400 kilo hasj ûnderskept. De grutste fangst ea yn ús provinsje. De man út Surch is eigner fan in fiskkotter dy't in dei earder yn Den Helder oan de ketting lein is. Yn de drugssaak sitte no 8 fertochten fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)