Teater Snits stap tichterby

In ympresje fan it nije teater
Teater Snits hat in wichtige slach wûn yn it gefjocht mei protestearjende omwenners. De Raad van State hat alle beswieren fan de omwenners tsjin it bestimmingsplan oan de kant lein. It protest wie benammen rjochte tsjin de 23 meter hege toanieltoer dy't by it teater komme moat. Ek makken se harren soargen oer ekstra ferkearsdrokte troch de komst fan it teater oan de Westersingel.
De bou fan it teater moat begjin takom jier begjinne.