Universitêr ûnderwiis Fryslân

de provinsje wol binnen in pear jier universitêr ûnderwiis oanbiede yn Fryslân.
Yn gearwurking mei de HBU-ynstellings yn Ljouwert en Nederlânske universiteiten wol de provinsje binnen in pear jier universitêr ûnderwiis oanbiede yn Fryslân. Dêrfoar wurdt in 'Mastercollege' opsetten.
Dêr kinne studinten dy't fan it HBU komme masteropliedings folgje op ferskate fakgebieten. Dan giet it bygelyks om wettertechnology, duorsume enerzjy en meartaligens. Der moat ek mear romte komme foar wittenskippelik ûndersyk.