Skip mei sydlings yn it wetter
Skipswerf Intervak yn Harns mei skippen gewoan sydlings yn it wetter litte ek al hat de buorman dêr lêst fan. Mar de werf moat dat tenei wol earder melde, yn elts gefal earder as in wike.
Dat is de útspraak fan de Raad fan State, yn in saak dy't buorman SizePlan oanspand hie tsjin de fergunning fan de provinsje. As der in skip te wetter giet, dan komt it terrein fan de buorman foar in diel ûnder wetter te stean.