Agraryske Dagen begûn

De bernemiddei fan de Agrarische Dagen (foto AD)
Yn Frjentsjer binne woansdeitejûn de Agrarische Dagen offisjeel begûn, mei in muzikaal optreden op in poadium by it Koorndragershuisje. In sjongeres song in liet dat spesjaal skreaun is foar de feestwike yn Frjentsjer.
Tema fan dit jier is griene enerzjy. Deroer wurdt freed in sympoasium hâlden yn de stêd. Bûten it tema binne der ek saken as ringriden, in strjitfestival, in fuotbaltoernoai en in grachtenkonsert. It is de 56ste edysje fan de Agrarische Dagen.